Mei helikopter autodieven fûn

27 jul 2010 - 14:38

Twa autodieven út It Hearrenfean binne moandei op 'e A6 by Lelystêd oanhâlden. De manlju hiene yn Utert in auto stellen. Plysjes yn in helikopter seagen de auto riden. Se warskôgen kollega's op 'e grûn. Dy koene de auto by Lelystêd oan 'e kant sette.

De fertochten binne 19 en 45 jier âld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)