Omrop Fryslân Sport op Twitter

De Twitter fan 'e sportredaksje foarsjocht yn in ferlet
Omrop Fryslân Sport hat no ek in eigen Twitter. Dêr binne de nijste sportberjochten op te lêzen. Boppedat jouwe ferslachjouwers fan 'e omrop ynformaasje oer wat se sjogge en meimeitsje by de wedstriden en trainings fan SC Hearrenfean en SC Cambuur. It is it fyfde Twitterkanaal fan Omrop Fryslân. Sjoch op: http://twitter.com/of_sport
Twitter bestiet út koarte berjochten, te lêzen op mobile telefoans fan it type smartphone en op ynternet.