Websites Omrop sille ferhúzje

27 jul 2010 - 13:28

De Omrop Fryslân-websites omropfryslan.nl en simmerynfryslan.nl ferhúzje tiisdeitenacht nei in nije server. De omrop docht dat om mear kapasiteit te krijen en better berikber te wêzen en te bliuwen. De tanimmende drokte op de websites makket de ferhuzing needsaaklik.

Fanwege de ferhuzing sille beide websites tiisdeitenacht fan 01.00 oere ôf in skoft ûnberikber wêze. It is it doel dat woansdeitemoarn om 07.00 oere alles wer wurket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)