Spoarbrêgen tenei ûnbemanne

De spoarbrêge by Akkrum (foto: Omrop Fryslân)
De measte spoarbrêgen yn Fryslân sille fan takom jier ôf net mear troch in brêgewipper betsjinne wurde. Eigner ProRail hat besletten dat de brêgen tenei op ôfstân iepene wurde sille. De brêgewippers wurde dan oerstallich.
De spoarbrêgen yn Ljouwert en dêromhinne hâlde wol in persoan dy't se iepen en ticht docht. De spoarbrêgen dêr lizze nammentlik flakby oare, gewoane brêgen. Dan is in hânmjittige betsjinning fierwei it maklikst, neffens ProRail.