Ferkear botst op pallets

27 jul 2010 - 11:04

In taksy hat moandeitejûn yn Formearum op Skylge grutte skea oprûn troch pallets op 'e dyk. De 32-jierrige sjauffeur út Burgum seach dat te let en ried der boppe-op. Twa bannen en twa felgen fan 'e wein rekken dêrby stikken en de foarbumper hie skea.

Op it fytspaad lei ek in pallet. In fytser botste op it laadboerd en dêrtroch hie syn hierfyts skea. De plysje siket tsjûgen dy't sjoen hawwe dat ien it hout op 'e dyk lei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)