Himpkwekerij yn restaurant

27 jul 2010 - 10:52

De plysje hat it ôfrûne wykein in himpkwekerij fûn yn in restaurant oan de Hoofdstraat Oost yn Wolvegea. Dêr stiene hast 850 planten. Dy binne troch de plysje yn beslach naam, lykas ek de byhearrende apparatuer.

De himpkwekerij waard ûntdutsen nei in melding fan in elektrisiteitsbedriuw. Dat wie ynskeakele fanwege stroomútfal. De eigner fan it restaurant wurdt meikoarten heard troch de plysje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)