Subsydzje elektrysk farren

De provinsje ferlingt de subsydzjeregeling foar it elektrysk farren oant en mei 13 augustus 2011. De regeling is foar eigners dy't in elektryske motor yn 'e boat sette wolle. Dat kostet tusken de 1500 en 6500 euro. Der is noch in bedrach fan 100.000 euro beskikber.
Oant no ta hawwe 33 boateigners oanspraak dien op 'e regeling. Yn 2015 moatte der 3000 elektryske boaten yn Fryslân farre, sa is it doel.