Plan nij krematoarium

26 jul 2010 - 16:29

Der binne plannen foar in krematoarium yn Aldehaske. It moat it fjirde krematoarium fan Fryslân wurde, nei Goutum, De Pein en It Hearrenfean. It krematoarium soe yn de hoeke fan De Nije Fjildwei en Business Park West komme moatte. It giet om in plan fan útfeartsintrum Van der Zwaag út Oranjewâld.

It nije krematoarium moat grutter wurde as dat fan It Hearrenfean, dêr't mar 80 minsken by in útfeart oanwêzich wêze kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)