Bylden winkeldief op ynternet

26 jul 2010 - 15:40

De plysje hat yn it ramt fan ûndersyk nei stellerij út in kassa fan in winkel yn Burgum bylden fan de fertochte publisearre op de website Dadergezocht.nl. De man kaam op 2 july de winkel yn en wachte oant de meiwurkster achter yn 'e winkel wie.

Hy die doe in greep yn 'e kassa en helle der jild út. Hy naaide dêrnei út. De meiwurkster seach pas letter dat de kassa iepen stie en it jild fuort wie.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)