Dronken brommerrider yn Harns

26 jul 2010 - 10:12

In 46-jierrige Harnzer is sneintemiddei yn Frjentsjer oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed. Plysjeminsken seagen de man op syn brommer in tal ferkearsoertredings meitsjen en holden him dêrfoar oan. Doe die bliken dat de man dronken hie.

Op it buro waard dúdlik dat de man fiif kear safolle dronken hie as tastien is. Boppedat hie hy gjin rydbewiis. Foar alle oertredings is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)