Trein troch winkel Starum

26 jul 2010 - 06:12

In ûnderhâldstrein mei sa'n acht wagons is sneintejûn yn Starum dwers troch in winkel riden. Twa minsken yn de kabine rekken licht ferwûne. De trein rekke goed healwei tolven troch de stjitblokken en sloech in gat fan hast 30 meter breed yn in wettersportwinkel.

De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok gebeure koe, mar neamt it in wûnder dat der net mear minsken ferwûne rekke binne. By it ûndersyk wurdt ek in helikopter ynset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)