Wytmarsum wol kuierpaad werom

25 jul 2010 - 14:38

Lâns it Flietster Bosk by Wytmarsum moat wer in kuierpaad komme. Dat wolle de ynwenners fan it doarp. Hast de helte fan it doarp hat dêrfoar ek in hantekening set. Der rûn altyd in paad lâns de feart njonken it bosk, mar dat paad is der net mear.

Natuurmonumenten, de eigner fan it bosk, wol op dat plak in stiltegebiet ha, mar dat sjogge de Wytmarsumers net sitten. Doarpsbelang hat de hantekens opstjoerd mei it fersyk om it kuierpaad wer oan te lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)