Fertochte eksploazje oppakt

25 jul 2010 - 14:26

Der is sneintemiddei in fertochte oanhâlden yn ferbân mei de eksploazje yn in hûs yn Sint Anne, sneontenacht. It giet om man (61) út Sint Anne. By de eksploazje rekke de bewenster fan it hûs ferwûne. It is net dúdlik wat foar relaasje de twa krekt ha. Dêr wol de plysje gjin útspraken oer dwaan.

De oarsaak fan de eksploazje is noch net bekend. By de eksploazje sloech de folsleine foargevel fan it hûs fuort. Ek it hûs fan de buorlju rekke swier skansearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)