Flylanner mislediget de plysje

In Flylanner (41) hat in boete fan 500 euro krigen foar it misledigjen fan de plysje. De man fûn it yn de nacht fan tongersdei op freed nedich om twa plysjeminsken út te flokken yn de Doarpsstrjitte yn syn wenplak. De man wie op dat stuit oer syn teewetter.
Om eskalaasje te foarkommen hat de plysje de man net fuortendaliks oppakt, mar in dei letter thús opsocht. Dêr is doe ek proses-ferbaal opmakke.