Farferbod foar 9 skippers
De plysje hat sneon by Grou in grutte alkoholkontrôle hâlden om te sjen of der ek skippers wiene mei tefolle drank op. Oanlieding is it feit dat dêr nije noarmen binne. Oant dit wykein mochten skippers in alkoholpromillaazje fan 0,8 hawwe. No is dat noch 0,5; krekt likefolle as in autobestjoerder hawwe mei.
Der waard tsjin njoggen skippers proses-ferbaal opmakke. Sy krigen ek in farferbod fan de plysje.
Trefwurden:
argyf