Fryske muzyk op Sweedske radio

De lanlike Sweedske radiostjoerder P2 stjoert op snein 25 july in radioprogramma fan in oere oer en mei Fryske muzyk út ûnder de titel Frisisk världsmusik (Fryske wrâldmuzyk).
De programmamakkers Petra Quiding en Helena Lopac sochten foar harren programma Fryske muzikanten as Eddy Dykstra, Nynke Laverman en Piter Wilkens op en praten ek mei muzykkenners as Beart Oosterhaven en Jan Ottevanger. It foel harren op dat it Frysk wol wat op it Sweedsk liket.