Iseger kening yn Seisbierrum

24 jul 2010 - 16:58

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger wie sneon oppermachtich op de frije formaasjepartij yn Seisbierrum. Yn de finale wiene Van der Bos-en-dy fierstente sterk foar Jan Dirk de Groot, Karel Nijman en Pier Piersma. Yn in iensidige finale waard it 5-2 en 6-4. Daniël Iseger waard kening.

It wie foar it paroer fan Van der Bos al de fyfde oerwinning fan it seizoen. Sy binne dêrmei ien fan de favoriten foar de PC op 4 augustus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)