Boalsert winner SKS Grou

24 jul 2010 - 16:24

Boalsert waard sneon de ferrassende winner fan de earste wedstryd fan it SKS skûtsjesilen yn Grou. Pieter Meeter fan Boalsert wist op it lêste momint te profitearjen fan de finishstreek, dy't op in ûnferwacht plak blykte te lizzen.

Koprinners Grou en De Jouwer sylden om it eilân yn 'e Pikmar hinne wylst Boalsert wól rjochtstreeks út de Tynje finishte. It Hearrenfean die it wol goed en wist as twadde oan te kommen. Grou en De Jouwer waarden tred en fjird.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)