Fryslân: lytse kâns wetterskea

24 jul 2010 - 15:45

De kâns op wetterskea is yn Fryslân it leechst fan hiel Nederlân. In Limburger hat hast trije kear safolle kans op wetterskea oan de wenning as in Fries. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Verbond van Verzekeraars.

Yn Fryslân wurdt minder wetterskea melden, mooglik omdat der yn it noarden minder swiere simmerbuien binne. Ek is it sa dat klaaigrûn mooglik better wetter opnimme kin as droege sângrûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)