Rjochttroch ride op rotonde

24 jul 2010 - 14:50

In ynwenner fan Raerd (31) is yn Ljouwert fan 'e dyk helle omdat er nei alle gedachten mei drank achter it stjoer siet en in ûngelok feroarsake. De plysje krige sneontemoarn om 4 oere in melding oer in oanriding op de Julianaleane yn Ljouwert. Dêr seach de plysje de auto fan de Raerder. De man wie ferwûne. Hy wie mei syn auto rjochttroch oer in minirotonde riden.

Dêrby rûnen de auto en in pear ferkearsbuorden skea op. De man is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)