Wii populêr by âlderein

24 jul 2010 - 14:35

Neidat de Wii-spulkompjûter bot yn trek wie by in soad jongeren, wurdt dy no ek hieltyd populêrder by de âlderein. Op de Wii kinne se bewegings-en ûntspanningsoefeningen dwaan. Dat wurdt bygelyks mei grut entûsjasme dien yn it Teatskehûs yn Blauhûs.

It giet om in idee fan stazjêre Hester van der Stap (16). Op dit stuit wurdt de Wii al folle mear brûkt as de biljerttafel. Slalomskye, fiskje en farre yn in luchtbel binne favorite spultsjes fan 'e moderne âldere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)