Twivel oer elektrysk farren

Houten skûtsje de Aebelina hat ek in motor om elektrysk te farren
De wettersportbranche is der klear foar, mar boatsjefarders twivelje noch oer it oerstappen op elektrysk farren. Dat komt ûndere oare trochdat elektryske boaten bekend steane as sloom. De provinsje is yn 2008 begûn mei in subsydzjeregeling fan 270.000 euro foar elektrysk farren. Oant no ta binne mei it jild 90 boaten omboud.
De regeling wurdt ferlingd omdat der noch 100.000 euro yn it potsje sit. Der leit in ambisjeus doel: yn 2015 moatte 3000 boaten elektrysk farre.