Proef mei wurk handikapten
Wurkjouwers yn Weststellingwerf en Smellingerlân meie as proef minsken mei in beheining minder as it minimumlean betelje. Doel is handikapten sa earder oan it wurk te krijen by in gewoane wurkjouwer. It giet om lanlike proef by 32 gemeenten.
De proef betsjut net dat der ek minder fertsjinne wurdt as it minimumlean. De gemeenten folje it ynkommen oan oant it minimumlean.