Ferwûne by kop-sturt botsing
By in kop-sturt botsing op de Domela van Nieuwenhuisweg yn Ljouwert is freedtemiddei ien persoan ferwûne rekke. Der wiene fjouwer auto's by de botsing belutsen.
It slachtoffer is mei nekklachten nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.