Accell buorket goed

23 jul 2010 - 15:53

De winst fan fytsefabrikant Accell op It Hearrenfean is yn it earste healjier fierder groeid. De nettowinst kaam út op goed 24 miljoen euro, 9 persint mear as yn deselde perioade ferline jier. Accell is fabrikant fan ûnder oare Sparta en Batavus.

It bedriuw seit dat it lêst hân hat fan de lange winter en it minne waar yn maaie. Foaral de ferkeap fan de tradisjonele fytsen bleau dêrtroch achter. De ferkeap fan sportive en elektryske fytsen rûn wól goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)