Swimmersjokte yn Wolvegea
Yn de Vlinderslach by it Van der Valk hotel yn Wolvegea is swimmersjokte konstatearre. By kontrôle die bliken dat de simmersjokteparasyt yn it wetter foarkaam. By kontakt mei it bistje kin hûdyrritaasje ûntstean. De gemeente Weststellingwerf hat warskôgingsbuorden by it wetter set. Se advisearje om net te ticht by wetterplanten en it reid te swimmen.
Swimmersjokte is ferfelend, mar net gefaarlik. Minsken hawwe in pear dagen lêst fan hûdútslach en jokte.
Trefwurden:
argyf