Oerfal op It Hearrenfean
Op in moadesaak oan de Sieverstrjitte op It Hearrenfean hat freed in oerfal west. In man mei in Afghaansk uterlik, swarte klean en wite skuon is mei in plastic pûde fan de kleansaak mei dêryn it jild útnaaid rjochting Burgemeester Kuperusplein. De man hat in mes brûkt by de oerfal.
Minsken wurdt frege út te sjen nei de man. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.