Oanpak rôffûgelferfolging

23 jul 2010 - 12:31

Vogelbescherming Nederland wol dat mear dien wurdt om de rôffûgel-ferfolging yn Fryslân oan te pakken. Dat nei oanlieding fan de lêste sifers wêrút bliken docht dat der dit jier mear as hûndert gefallen fan rôffûgelferfolging west ha. Dat hat lanlik foar nochal wat opskuor soarge.

Neffens de fûgelbeskerming moat der bettere en strangere hânhavening komme om de dieders te pakken. Wetlike mooglikheden om dy minsken oan te pakken binne der nammentlik wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)