Yn de rige foar de iPad

Friezen binne sljocht op de iPad. Yn de Ljouwerter Macwinkel stiene freedtemoarn om healwei achten de earste klanten yn de rige foar dit nijste produkt fan Apple. De iPad is freed foar it earst te keap yn Nederlân.
It apparaat is sûnt de yntroduksje in grut sukses. Yn oare lannen binne al miljoenen oer de toanbank gien. De iPad is in tabletkompjûter dy't tusken in smartphone en in laptop ynsit.