Ek by stellerij 1-1-2 belje

De plysje ropt ynwenners fan Fryslân op om 1-1-2 te beljen as se fertochte situaasjes of persoanen sjogge. De oprop wurdt dien nei oanlieding fan ynbraken yn Ljouwert dy't net meld binne by de plysje troch tsjûgen.
It is in misferstân dat it alarmnûmer 112 allinnich bedoeld is foar needsituaasjes wêryn't libbens op it spul stean, sa seit de plysje. Minsken moatte it nûmer ek belje at se tsjûge binne fan in misdriuw, sa as stellerij of fernielerij.