Goed toerismejier ferwachte

22 jul 2010 - 17:47

De toeristesektor yn Fryslân liket in goed jier te krijen, sa seit Fryslân Marketing. De provinsje begjint aardich fol te reitsjen mei toeristen. Allinnich op lytse kempings en by akkommodaasjes dy't net in soad foarsjennings hawwe, is noch plak. Mar de toerist fan hjoed-de-dei fynt lúkse wol belangryk.

Op de eilannen is al hast gjin plak mear te krijen. De ferwachting is dat it mei de boufak noch drokker wurdt yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)