Daamwand Harns wurdt ferfongen

22 jul 2010 - 17:03

Yn 'e haven fan Harns wurdt dizze simmer troch Rykswettersteat in daamwand ferfongen. De wand is ûnderdiel fan it oanlisplak fan de fearboaten nei Flylân. De daamwand hat in lingte fan 100 meter en is hast 50 jier âld.

It wurk sil seis wike duorje. Neffens Hendrikus Venema fan Rykswettersteat giet it om regulier ûnderhâld. Besocht wurdt om de oerlêst foar toeristen safolle mooglik te beheinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)