De Jouwer: ambachtsopliedings

© Omrop Fryslân
De gemeente Skarsterlân docht der alles oan om ambachtsopliedings nei De Jouwer te krijen. It is noch ûnbekend om hokker skoallen it giet, mar de petearen binne geande.
De gemeente stribbet der al in skoft nei de ambachtsstêd fan it Noarden te wurden. Earder al besocht de gemeente in hout- en meubilearingskolleezje op De Jouwer te krijen, mar dat slagge net. Nei alle gedachten is oan 'e ein fan it jier bekend hokker opliedings nei it plak ta komme.