Troch read ljocht yn Oentsjerk

22 jul 2010 - 11:52

De plysje hat by in kontrôle op de Rengerswei yn Oentsjerk trettjin bekeurings útskreaun. Dy wiene foar automobilisten dy't troch read ljocht rieden. Ien automobilist krige in bekeuring omdat er oer de stoepe ried. In oarenien waard trapearre op it net hands-free beljen.

Op 'e Rengerswei stean tydlik ferkearsljochten. De trochgeande dyk troch de Trynwâlden en de Lauwersseewei nei Dokkum wurde opknapt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)