Minder wurkleazen

It giet wat better mei de wurkleazens yn Fryslân. Yn juny is dy mei 2,8 prosint ôfnaam en komt dêrmei op sân prosint út. Dat docht bliken út sifers fan it UWV Werkbedrijf. It liket posityf, mar Fryslân rint noch wol achter by it lanlike byld. De wurkleazens is ek 3,6 prosint heger as in jier lyn.
Fryslân giet wol lykop mei Grinslân en docht it sels wat better as Drinte. Benammen jongeren profitearje derfan dat der mear wurk is.