Litouwers mei ynbrekark pakt
Twa Litouwers binne op 'e Noarderhegewei yn Drachten oanhâlden foar besykjen ta ynbraak yn in bedriuw. De plysje krige in tip fan ien dy't de manlju achter in wenhûs oan it Helmhout weikommen seach. De plysje seach de manlju op in stuit rinnen. Se waarden steande hâlden en fûillearre. Der waard ark om mei yn te brekken yn boadskiptassen by de manlju fûn.
In plysjehûn spoarde letter noch mear ynbrekkersark op.
Trefwurden:
argyf