Frou heard oer fersûpte hûn

De plysje hat de frou heard dy't der fan fertocht wurdt dat se har hûn fersûpt hat. De hûn waard begjin ferline wike fûn yn it wetter by Roptasyl. It bist siet yn in tas dy't swierder makke wie mei stiennen.
De plysje wol noch neat sizze oer it hearren fan de frou. Der wurdt earst noch praat mei tsjûgen. De dierebeskerming hat in beleanning fan 1500 euro klear lizzen foar de gouden tip.