Olijnsma c.s winne Minnertsgea
Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema hawwe woansdei de frije formaasje partij yn Minnertsgea wûn. Yn de finale wûnen se mei 5-3 en 6-4 fan Hendrik Tolsma, Herman Sprik en Johannes Boersma. De partij gie oant 3-3 lyk op. Dêrnei makke it partoer Olijnsma it ferskil.
De winners fan woansdei rekkenen yn de earste omloop ôf mei de winners fan de lêste fjouwer partijen. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger ferlearen mei 5-2 en 6-6.
Trefwurden:
argyf