Fryslân fol mei toeristen

Fryslân lûkt in soad toeristen. Yn koarte tiid kamen der in soad boekingen. Dat seit Fryslân Marketing. Fan 't maitiid foel it tal toeristen wat ôf, mar de drokte fan no liket in hiel soad goed te meitsjen. De trend is om op it lêste momint te boeken. Benammen it moaie waar fan de ôfrûne tiid soarge foar de boekings.
Boatsjeferhierders profitearje derfan en de campings steane fol. De saaklike merk rint noch net goed. Gruttere hotels ha der lêst fan.