Súdwestergo as namme SW-hoeke
De nije protestgroep Súdwestergo komt yn aksje tsjin de mooglike nije namme foar de Súdwesthoekegemeente. De namme Súdwest-Fryslân is lestich te skriuwen en it kloppet geografysk en histoarysk net.
De aksjegroep pleitet foar de namme Súdwestergo.Dy hat mear ferbining mei de skiednis. Neffens de groep is der gjin earlike kar by it referindum. Se wolle dat der opnij sjoen wurdt nei oare nammen om minsken sa in bredere kar te jaan.
Trefwurden:
argyf