Aksje tsjin BP by Loveparade

21 jul 2010 - 14:20

Fryske dielnimmers oan de Loveparade yn it Dútske Duisburg sille aksje fiere. De wein mei danceleafhawwers fan It Amelân en út Ljouwert roppe mei har wein op om oaljekonsern BP te boycotten. Sa hoopje se dat der wat dien wurdt oan de oaljeflek yn de Golf fan Meksiko. De inisjatyfnimmers ha hege ferwachtings fan de aksje om't de dûnswrâld ynternasjonaal is.

Se tinke neist oardel miljoen minsken fan de Loveparade ek de ynternasjonale parse te berikken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)