Wenningmerk lûkt wer oan
De wenningmerk yn Fryslân hat in goed healjier achter de rêch. Der binne yn de provinsje goed 7,2 prosint mear hûzen fan eigner wiksele as yn it earste healjier fan 2009. Lanlik sjoen leit it persintaazje op in lytse fjouwer prosint. Fryslân stiet as provinsje op it tredde plak as it giet om bewegings yn de wenningmerk.
De priis foar in wenning yn Nederlân is gemiddeld hast itselde as ferline jier. Der moat no goed 238.500 euro foar in wenning betelle wurde.