Wer te set oer plan Jabikswâld

De gemeente Ljouwert moat op 'e nij motivearje wêrom't der wenningen boud wurde kinne by it krematoarium yn Goutum. Dat seit de Raad van State. Doarpsbelang Goutum hie beswier makke tsjin it plan, ek bekend as Jabikswoude, om de hûzen binnen 100 meter by it krematoarium te bouwen. Doarpsbelang fynt dat te tichtby.
Neffens de Raad hat de gemeente net goed omskreaun wêrom't it wol kin. De gemeente moat it yn trije moanne dwaan.