Opslachplak Rauwerda ferkocht

De gemeente Ljouwert keapet in pear gebouwen fan Auke Rauwerda yn de Wolvensteech en Haniasteech. Rauwerda brûkt dizze gebouwen foar opslach. De gemeente is al langer dwaande om safolle mooglik gebouwen yn de buert fan De Harmonie op te keapjen.
Yn de takomst sil dit gebiet flink opknapt wurde. Rauwerda hat foar de opslach yntusken oar plak fûn. De winkel fan Auke Rauwerda oan de Westerplantaazje bliuwt gewoan op it besteande plak.