Skokt oer seksueel misbrûk

21 jul 2010 - 11:49

De eigners fan de kampearbuorkerij op It Amelân dêr't it Dútske bernekamp te gast wie, binne skokt troch it ûndersyk nei seksueel misbrûk yn ien fan har sliepsealen. Se hawwe neat fernaam en kinne der net by dat soks yn har bedriuw plakfûn ha soe. De Stadsportbund komt al mear as tsien jier op de Zilvermeeuw yn Bueren en hat noait foar problemen soarge.

De organisator hat noch gjin kontakt hân mei de eigner fan de akkomodaasje. Se ha it nijs fia Dútske kunde heard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)