Plysje siket eigner fyts

03 apr 2012 - 10:17

De plysje siket de eigner fan in stellen fyts. Sneon 24 maart waard by it stasjon yn Harns in fytsedief oanholden. Der hat lykwols noch net ien oanjefte dien fan it stellen fan syn fyts.

De plysje wol dan ek graach yn kontakt komme mei de eigner fan de fyts. Dat kin op it plysjeburo yn Harns of fia telefoannûmer 0900-8844.

Trefwurden: 
stellerij fyts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)