Skûtsjes op webside te folgjen

21 jul 2010 - 11:22

De wedstriden fan de SKS binne de kommende wiken alle dagen live te folgjen fia ynternet. Alle skûtsjes krije dêrfoar in GPS-transponder oan board.

Ferline jier waard der al twa kear in proef mei dien. Doe rekke by de earste wedstryd op Grou de webside fan de SKS oerbelêste. Dit jier wurde sokke problemen net ferwachte. De applikaasje is neffens de SKS net geskikt foar de mobile tillefoan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)