Tilster swaait mei mes

21 jul 2010 - 11:16

In ynwenner (25) fan Koatstertille hat tiisdei twa oare ynwenners bedrige mei in mes. Nei de bedriging naaide de man út, mar de warskôge plysje koe him letter oanhâlde.

Hy is foar ûndersyk fêstset op it buro. Wêrom't de man mei it mes drige, is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)