Man mishannelet famke

21 jul 2010 - 10:46

In famke (14) út Warkum is tiisdei yn Boalsert mishannele troch in man (74) út Boalsert. It famke die mei oan spultsjes dy't organisearre wiene troch jongerewurk. Ien aktiviteit wie in hindernisbaan fan autobannen en tou oan in brêge.

Doe't it famke healwei de baan wie, kaam de Boalserter der oan yn syn boat. Hy treau it famke trije kear oan de kant wêrtroch't se mei har holle tsjin it beton fan de brêge botste.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)