Bysûndere grêfstiennen fûn

20 jul 2010 - 20:45

By it ferfangen fan de houten flier yn de herfoarme tsjerke fan Winsum binne sân bysûndere grêfstiennen foar it ljocht kaam. It bestean fan 14 stiennen wie bekend, mar der blike 21 grêven ûnder de flier te lizzen.

Fiif dêrfan binne fan Roomsken: sa lizze der foarâlders fan pater Titus Brandsma begroeven. Fierders waard it grêf fan de earste dûmny fan Winsum ûntdutsen, dy't yn 1599 stoar. De stiennen binne 100 jier lyn by in renovaasje ûnder de flier fuortwurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)